Moarre-Ljussens                      gie foarop om it koarte keatsseizoen glâns te jaan troch Durk Visser

Moarre-Ljussens gie foarop om it koarte keatsseizoen glâns te jaan troch Durk Visser

It like troch it cororona-virus in frjemd en fral koart keatsseizoen te wurden. “Ik bin benijd”, sei Tjisse
Steenstra de deis foar Moarre-Ljussens. Foar it earst, sa lang as der keatst wurdt, iepene Warber Bliuwe,
de keatsferiening fan dizze klaaidoarpen, op 11 july it seizoen. “Hiel bysûnder”, sei foarsitter Bouwe
Stiemsma, “mar wy kinne it wol oan.” Sa die bliken op. It wie perfekt organisearre op it sportfjild mei de
tapaslike namme Tusken de Doarpen. Stiemsma yn it foarwurd fan it programmaboekje: “Keatsers nim ús
mei yn wat wy de ôfrûne moanne mist hawwe.”
Grutte keatsklups (Minnertsgea, Arum, Wytmarsum) lieten it ôfwitte en ek de PC giet dit jier net troch.
Lytsere ferienings mei in bestjoer dat wol wit wat tapakke betsjut, sprongen yn it gat op ‘e agenda.
Bygelyks De Boppeslach yn Jutryp-Hommerts, wêr ’t PC-kening fan 1990, Coos Veltman, de foarstap
naam. “Foar ús wie dit in kâns om te sjen oft wy it wol foar inoar krije koene”, sei hy tsjin Jan Braaksma.
“It is foar ús ek in boppeslach.” En dan te betinken dat dizze feriening pas yn 2007 oprjochte is.
En wat te tinken fan KV Jan Reitsma yn Reduzum, 116 jier âld, mar ek noch noait in haadklasse-partij
organisearre. Dat sil no barre op 16 augustus. De Reduzumer ‘De Boertjes’ steane garant foar dizze partij.
De KNKB liet yn taalkundich krom Nederlânsk witte: “Covid-19 maakt het organiseren van de PC niet
verantwoord en is gezien de geldende maatregelen ook niet uitvoerbaar. Voor de commissie is een PC
met beperkt publiek bovendien geen optie.” Werom, frege ik my ôf, koe it net hâlden wurde yn it Abe
Lenstra-stadion? 30.000 sitplakken foar 10.000 taskôgers, dat hie moai past. En giet it keatsen net yn it
foarste plak om de keatsers? Of binne hearen mei de hege huodden wichtiger?
Taeke Triemstra hie de smoar yn. “Ik hie mear kreativiteit ferwachte fan it bestjoer. Se ûntnimme de
keatsers no in PC wylst ik tink: eltse PC is der ien. Just dizze PC hie trochgean matten; just dizze PC hie
hiel bysûnder west”, sei Triemstra (20 PC’s, 5 kear de earste priis) tsjin de LC.
Foar it seizoen sei Tjisse Steenstra: “Ik mis it publyk mar fral de wedstriden. Ik bin hiel benijd hoe ’t it
gean sil. Sportyf binne Gert Anne, Taeke en ik der klear foar. Sûnt in pear wiken traine we wer mei de
bal. Je begjinne krekt as oare jierren. It is even wenne. Dat it wat letter begjint, dêr ha wy gjin muoite
mei.”
Yn Moarre-Ljussens stie it partoer Van der Bos al yn ‘e earste partij op it fjild tsjin Enno Kingma c.s. It
gie noch net geweldich. Coach Gabe Leeuwen prottele. “Ik zal er wat van zeggen. Het gaat erom tactisch
slim te spelen.” Mar Tjisse lake. “De earste winst is binne. Wy geane fierder.”
Nei de twadde ronde seach it der better út. Van der Bos roun it fjild ôf en sei: “De coach is tefreden. Wat
wolle we noch mear.” Dat wie Gabe Leeuwen net mear nei de tredde parti, ferlies tsjin Menno van
Zwieten en co, de lettere winners.
Tjisse Steenstra siet dêr net slim oer yn. Mei in blier gesicht stapte hy op my ôf en sei: “It wie net
fantastysk. Mar moarn is der wer in dei.” It wie Tjisse ten fuotten út: as altyd realystysk en posityf. It net
moaier meitsje as it is;en tagelyk: in keatser krijt mear kânsen. “Wy makken te folle fouten, de opslach
roun net en sa is der wol mear te neamen. En dy oare mannen stiene goed te keatsen.”
De oare deis, yn Boalsert, wie it partoer Van der Bos oppermachtich. Dat slagge net op ‘e Rengerspartij,
in wike letter. Dêr krigen Vander Bos en syn maten neffens Jan Braaksma “een gevoelige tik” fan it
partoer Van Zwieten (2-5 2-6). Neffens Gabe Leeuwen hiene syn mannen der net folle fan makke.
Foar de partij yn Hommerts-Jutryp binne de trije ‘grutte partoeren’ (Bergsma, Van der Bos en Van
Zwieten) elts in kear mei de krâns nei hûs ta gien. Kinne Van der Bos, Triemstra en Steenstra harren
hegemony fan foarich seizoen dit jier trochsette?

Noch in lyts stikje, spesjaal foar KVRH. Foar it 100-jierrich jubileum fan Reitsje Him frege ik Theunis
Piersma, doedestiids foarsitter fan ‘e KNKB en lange jierren in aktyf lid van ús keatsklup, oft der in
haadklasse-partij foar Reitsje Him ynsitte soe. Nee, sei hy, dat wurdt te djoer en organisarysk te folle foar
Reitsje Him. Spitich. Mar it wie yn 2009 wol in hiel feestlike ledenpartij. No ‘t der dit jier safolle partijen
útfoelen, ha ‘k der wer oan tocht. Mar ik wist ek dat deselde argumenten as goed tsien jier lyn jilde soene.

Durk Visser

Wedstrijden

28 april 2024, Oentsjerk

Albert Heijnpartij

12 mei 2024, Tytsjerk

Alertec Ledenpartij

25 mei 2024, Oentsjerk

Slagerij Rijpmapartij (Gytsjerk)

9 juni 2024, Hurdegaryp

Iterij de Fuorman Teats PC Hurdegaryp

14 juni 2024, Burgum

Ledenpartij

18 juni 2024, Hurdegaryp

Gerben Rijpmapartij

Bekijk alle wedstrijden en details

Competitie

Naam Voor Tegen
Gespeeld
Bekijk de volledige stand

Onze sponsoren

Klik op het logo of de naam van de sponsor om naar de website te gaan

Café 't Trefpunt
Baukje Scheppink
Sligro
Scherjon
Tandtechnisch Laboratorium Kooistra
PAX groep
Hoekstra Doe het Zelf
Slagerij Rijpma
MultiStyle parket
Meesterschilders Friesland
Meindert fietsspecialist
Houweling techniek
Groenveld
Autofirst De Jager
De Florahoek
Bouma & Sepp
Joh. Bosgra bv
Primera Hurdegaryp
Hotel Van der Valk Hardegarijp
Catering en Ontbijt service De Steeg
Wiersma Hoveniers
It Fiskhûs Hurdegaryp
Dinez
Jansma wonen Hurdegaryp