Tjisse Steenstra Kening ûnder de keatsers
(Dit stikje is skreaun troch us eigen Durk Visser)
Tjisse Steenstra, kening ûnder de keatsers, fitert de keatsjeugd yn Hurdegaryp oan
“Sa lyts as ik wie, ik wie altyd mei it baltsje dwaande. Altiten mar wer tsjin ‘e muorre oan. Hinne en wer, hinne en wer. Ik hie wol wat talint, mar wie lang net de allerbêste fan myn generaasje”, seit Tjisse Steenstra. “Dat wie Sjoerd de Jong fan St. Anne,. Hy wie grut en sterk. Ik wie mar sa ‘n spriet. Ik ferlear altyd fan him.”
Tjisse’s mem Hinke Steenstra-Kuik, dy’t mei him yn harren winkel De Broadsje Bakker yn ‘e Kleine Kerkstraat yn Ljouwert stiet, follet oan: “Tjisse is krekt net mei in baltsje yn ‘e hân geboren. Doe ‘t hy noch mar krekt rinne koe, wie hy al mei in baltsje oan ‘e gong.”
Tjisse seit: “Fral it opslaan wie moeilik foar my. Letter wie der wol sprake fan in opgeande lijn. Dat kaam troch folle te trainen. Ik bin jong begoun; dêrtroch ha ik in protte leard. Dat is wat ik de keatsende bern yn Hurdegaryp meijaan wol. Mei in protte te trainen wurdt men fansels better.”
Topkeatser Tjisse Steenstra is ûnder de yndruk as ik him fertel dat yn Hurdegaryp, dat net yn ‘e keatshoeke fan Fryslân leit, ferline jier 25 bern alle wiken meidienen aan de trainingen foar de jeugd.
Dêrfan keatsten 12 (njoggen jonges en trije famkes) mei op de Van Ospartij, de jierlikse grutte ledenpartij fan keatsferiening Reitsje Him.
Wy reitsje oan ‘e praat as ik yn ‘e winkel wat te iten keapje. In jongeman mei in blier gesicht helpt my.
‘Jo lykje op in bekende keatser’, siz ik. Wêrop hy seit: ‘Dat bin ik sels’. – ‘Dan binne jo Tjisse Steenstra, de bêste keatser fan it momint.’ Mei in beskieden laits seit Steenstra: ‘Der binne mear goeije keatsers.’
Wy meitsje in ôfspraak wêr ‘t hy oer syn keatsjeugd fertelt.
“By de keatsferiening O.K.K. (Oefening Kweekt Kunst) yn Bitgum trainden wy fanôf groep 3 op woansdeimiddei. Wy oefenden op de opslach en de útslach. Der waard in line lein op 4 of 5 meter en dy moasten wy foarby slaan. Ien kear yn ‘e moanne wie der it Lyts O.K.K.-toernooi foar de bern.
Yn myn jeugd keatsten we net op skoalle. Dat diene we by O.K.K. No wurdt der wat mear keatst op skoallen. Dat komt troch it muorrekeatsen dat makliker foar bern is. It is hiel leechdrempelich. Iderien kin
it dwaan. Ik jou dêryn wol trainingen op skoallen. Leuk om te dwaan.
Wêr ‘t ik ek op wize wol: alle kearen nei de training ta. Dat is belangryk. En gjin gekke dingen dwaan.
Men mat by de training serieus dwaande wêze. Oars hat men der neat oan. De ballen matte der earst mar ris yn. Dat is al moeilik genôch. Yn ‘e jeugd binne der in hiel soad dy ‘t dat noch net kinne.
De opslach is no myn grutste wapen. Mar oan ‘t myn fyftjinde like dat nearne op. Ik hie wol gong yn ‘e bal en ek wol in swypke, mar de ballen fleagen alle kanten op. By de keatsskoalle Arum fan Gerrit en
Johan Okkinga seine se: ‘Tjisse, sa opsmite en sa de hân rjochtswaaie.’ Nei tsien ballen wie it klear.”
As lyts mantsje woe ik net mei de jeugd keatse, mar woe ik by de grutte keatsers sjen. Yn dy tiid tocht ik al: Wat soe it moai wêze as ik dêr by sitte soe. Dat is in dream dy ‘t útkommen is.” Sûnt in pear jier keatst
Tjisse mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra, twa betûfte keatsers.
It is dit seizoen it stekste partuur. Snein 21 july wûnen se op ‘e Rengerspartij foar de 10e kear (fan de 14 ) de frije-formaasje-partij. “Wy sille altyd trochsette, oan it troch keatsen bliuwe. Dan falt it faak ús kant
op. As de tsjinstander tinkt: Wy binne der, dan sette wy troch.
It aardige fan it keatsen is dat der yn ‘e partij ûnderlinge striid is, mar dat we dêrnei dikke freonen binne.
Ik ha al in hiel soad hichtepunten. Ferline jier wûn O.K.K. (Johan van der Meulen, Steven Koster en ik) de Bondspartij, siz mar it N.K. keatsen. Yn 2015 wie ik de winnaar yn Bitgum, it eigen doarp, en doe wûn ik in hynder. It Puntenklassement ha ‘k alris wûn. Dan bist’ de bêste fan it seizoen.
Ik bin, op it momint dat jimme krantsje útkomt, 26. As it lichem it talit, wol ik oan myn 35e
ta keatse. Ik hoopje de kommende jierren noch in protte te betsjutten foar de keatssport, as keatser en ek as ambassadeur fan ‘e keatssport.
Ik ha ‘k fansels nóch in dream, seit Tjisse. “De PC winne.” Syn oeroerpake fan memme’s kant wie Minze de Vries. Hy keatste tusken 1895 en 1911 17 kear op ‘e PC, wûn fjouwer kear en wie trije kear kening.
“As ik de PC nochris win, dan bring ik in blom út ‘e krânse nei it grêf fan myn oeroerpake, Minze de Vries.”
Durk Visser Foto ; Dijks Fotografie